Platfoarm oprjochte foar feiliger silen

08 feb 2018 - 13:04

Skippers fan tradisjonele skippen wolle der mei-elkoar en mei oare partijen foar soargje dat der feilich syld wurde kin. Se ha dêrom mei ûnder oare keuringsburo's en boekingskantoaren it Platform Veiligheid Chartervaart oprjochte.

Direkte oanlieding is it ûngelok mei it tsjarterskip De Amicitia, oardel jier lyn. Fan dat histoaryske skip bruts de mêst, dy foel boppe op trije passazjiers, dy oerlibben dat net. Letter die bliken dat dy mêst foar in part ferrotte wie. De oprjochting fan it platfoarm is der mei foar bedoeld om de kennis oer it ûnderhâld fan histoaryske skippen mei-elkoar te dielen. 

Undersyk

It is noch altyd net dúdlik oft de skipper fan de Amicitia ek foar de rjochter komme moat foar it ûngelok mei syn charterskip. Neffens it Iepenbier Ministearje binne se noch drok dwaande mei it ûndersyk, mar soe dêr dizze moanne útslútsel oer komme moatte. De Raad voor de Veiligheid konkludearre foarich jier al dat it ûngelok feroarsake is troch in ferrotte mêst en dat de brune float professionalisearje moat.

(advertinsje)