Man delsketten yn Ljouwert

14 jun 2012 - 18:07

Op de Keidam yn de Ljouwerter wyk Bilgaard hat tongersdei op 'e neimiddei in sjitpartij west by in mobyl goudwikselkantoar. Dêrby is in man ferwûne rekke. Der is trije kear sketten troch in man fan ûngefear 20 jier. Dy is dêrnei útnaaid.

De plysje siket mei in helikopter boppe de wyk nei de fertochte. Der wiene in soad tsjûgen fan de sjitpartij, dy wurde no heard troch de plysje. It slachtoffer is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.

(advertinsje)