Lodeweges mooglik assistint-trainer Oranje

08 feb 2018 - 12:42

Dwight Lodeweges wurdt mooglik ien fan de assistint-trainers fan it Nederlânsk alvetal. It fuotbalbûn KNVB soe him tongersdei melden hawwe by PEC Zwolle, dêr't Lodeweges op dit stuit assistint-trainer is. 

De 60-jierrige Lodeweges wie tusken 2013 en 2014 haadtrainer by Cambuur. Dêrnei makke hy de oerstap nei SC Hearrenfean. Dizze oerstap soarge foar in soad opskuor by fans fan Cambuur. By Hearrenfean wie er oant oktober 2015 aktyf. Njonken Lodeweges wurde neffens De Telegraaf ek Patrick Lodewijks en Kees van Wonderen assistint fan de nije bûnscoach Ronald Koeman.

(advertinsje)