Weryndielingskommisje moat fúzje tariede

08 feb 2018 - 12:22

Yn tarieding op de fúzje fan de gemeenten Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân ta de nije gemeente Noardeast-Fryslân, is der no in weryndielingskommisje oprjochte. Alle riedsfraksjes fan de trije gemeenten hawwe ien riedslid dy't hjiryn sitting nimt. Mei-inoar moatte sy de foarstellen beprate dy't te krijen hawwe mei de nije gemeente.

De riedsleden moatte benammen sjen as dy foarstellen klear binne foar beslútfoarming yn de nije gemeenteried yn jannewaris 2019. Dy ûnderwerpen wurde dan net mear behannele yn de aparte gemeentlike riedskommisjes. De weryndielingskommisje sil foar de simmer ien kear yn de twa moanne gearkomme, dêrnei alle moannen. De earste gearkomste is op 21 febrewaris.

 

(advertinsje)