Waadferiening krijt 5 miljoen euro foar fiskmigraasjerivier

De Waadferiening hat tongersdei in bedrach fan fiif miljoen euro krigen fan de Postcode Loterij. It jild is bestimd foar de oanlis fan de fiskmigraasjerivier op de Ofslútdyk. De Waadferiening waard op it kantoar yn Harns ferrast troch Gaston fan de Postcode Loterij. De Waadferiening hat faker in bydrage krigen fan de Postcode Loterij, om't dy lêste de fiskmigraasjerivier as in goed doel beskôget.
De fiskmigraasjerivier soarget derfoar dat fisken harren frij bewege kinne tusken it swiete wetter fan de Iselmar en it sâlte wetter fan de Waadsee. Mei it ekstra jild fan de Postcodeloterij kin de migraasjerivier no in stik langer en platter makke wurde. Dit soarget foar in swakkere streaming, wat nei alle gedachten wer in foardiel opsmite sil foar fisksoarten lykas de spiering. "Het wordt een soort wildwaterbaan voor vissen. Er kunnen straks meer soorten doorheen, zoals jonge platvissen, palingen en spiering," sa fertelt Wouter van der Heij van de Waadferiening oan de NOS. De rivier wurdt yn 2022 iepene.