Nij fytspaad yn Súdwesthoeke

14 jun 2012 - 17:33

Bern yn in part fan de Súdwesthoeke kinne in stik feiliger nei skoalle. Tongersdei is in nij fytspaad iepene oan de drokke dyk dy't Himmelum, Kolderwolde en Aldegea mei elkoar ferbynt.

Mei it fytspaad giet in grutte winsk fan ferskate doarpsbelangen yn ferfolling. It trije kilometer lange fytspaad hat ek in toeristyske funksje en is in mienskiplik projekt fan de gemeenten Gaasterlân-Sleat en Súdwest-Fryslân.

Trefwurden: 
fytspaad
(advertinsje)