Mooglike fúzje basisskoalle Sint-Nyk

08 feb 2018 - 11:57

Iepenbiere basisskoalle De Beuk yn Sint-Nyk oriïntearret him op in fúzje mei ien fan de oare skoallen fan ûnderwiisgroep Primus. It learlinge-oantal sil de kommende jierren nei ûnderen ta rinne en komt dan ûnder de gemeentlike opheffingsnoarm. Yn oerlis mei de âlden wurdt der de kommende tiid ûndersocht wat de mooglikheden binne foar in fúzje. De skoalle wol de learlingen safolle mooglik byinoar hâlde.

Yn 2016 waard noch sjoen nei de foarming fan in gearwurkingsskoalle mei De Paedwizer fan ûnderwiiskoepel CBO Meilân. Dêrfoar wie doe lykwols net genôch draachflak.
 

Trefwurden: 
Primus Sint-Nyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)