Fermist: Francis Blokhuis (26) út Ljouwert

08 feb 2018 - 11:15

De plysje is op syk nei de sûnt 4 jannewaris fermiste 26-jierrige Francis Blokhuis. Se hat har net melden by de ynstelling yn Ljouwert dêr't se ûnder behanneling is. It is ûnbekend wêr't se no is of wêr't se hinne gien is. Mooglik hat de frou in gitaar by har. Se hat faak alternative klean oan, donker en wiid.

Francis Blokhuis is 1 meter 75 lang en se hat swart hier mei krullen. Minsken dy't witte wêr't se is, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)