Geesje Duursma wint Vrouw in de media Award 2017

08 feb 2018 - 11:09

Undernimmer Geesje Duursma fan Burgum hat de Vrouw in de Media Award 2017 foar Fryslân wûn. Neffens 37 persint fan alle stimmers hat sy har it bêste profilearre yn de media. Fraksjefoarsitter Lutz Jacobi fan de PvdA Ljouwert einige op it twadde plak.

De Vrouw in de Media Award is in inisjatyf fan it Mediaplatform Vaker in de Media en Sprekersbureau Zijspreekt. Mei de priis wolle sy froulike saakkundigen oanmoedigje om sichtber te wêzen yn de media. Geesje Duursma is eigener fan hoarekasaak De Pleats yn Burgum. Se set har yn foar ferskate projekten op it mêd fan ûnder oare kultuer, de Fryske taal, ûnderwiis en soarch.

(advertinsje)