Bob de Vries earder nei hûs foar de kij en de bern

08 feb 2018 - 10:41

Reedrider Bob de Vries fan De Haule sil by de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä in wike earder werom nei hûs. Nei alle gedachten stapt er takom wykein alwer op it fleantúch nei Nederlân. Hy wol en kin syn trije lytse bern en syn fyftich kij net langer misse. Syn frou komt noch wol even del yn Súd-Koreä. De Vries rydt no snein de fiiftûzen meter. Hy is reserve foar de tsien kilometer op tongersdei oer in wike.

De einseremoanje is op 25 febrewaris. Sportkoepel NOC*NSF wol dat de Nederlânske ploech mei alle 33 sporters dêr sa folslein mooglik by is. Bob de Vries hat spesjaal tastimming krigen om earder ôf te setten nei hûs. Hy hat alle dagen kontakt mei it thúsfront. De sûnens fan syn kij hâldt er goed yn de gaten, fia spesjale apps. ,,As ik sjoch dat de wearden fan de molke net yn oarder binne, jou ik dat troch oan myn melker'', seit De Vries. Hy sjocht himsels as in ,,outsider'' foar in medalje op de fiiftûzen meter. "It wurdt in alles-of-neat rit foar my."
 

(advertinsje)