Himpkwekerij oprôle op It Hearrenfean
Yn in wenning oan it Akkersplein op It Hearrenfean hat de plysje in himpkwekerij oprôle. De plysje trof ôfrûne moandei hast 140 himpplanten oan yn it hûs. Alle planten binne ferneatige. It ûndersyk nei de fertochten yn dizze saak rint noch.