Archeologysk ûndersyk Dronryp

14 jun 2012 - 16:41

By Dronryp wurdt de kommende wiken archeologysk ûndersyk dien. In team fan de Ryksuniversiteit fan Grins wol mear te witten komme oer it ûntstean fan terpen en oer de bewenners. De fraach is oft it gebiet earder bewenne waard as oant no ta tocht.

Dronryp leit op de âldste kwelderwâl fan Fryslân. Nei alle gedachten binne dêr de earste terpen boud. It ûndersyk oan de Longbuorren duorret noch in pear wike. Dan wurdt it gat wer tichtmakke, sadat de boer it lân wer brûke kin.

Archeolooch Johan Nicolay tinkt dat om it jier 500 foar Kristus ek al minsken wennen op it plak dêr't no Dronryp leit. Dat wie doe noch Waadsee, want diken wienen der noch net. Undersyk is nedich, omdat der neffens Nicolay noch fierste min bekend is oer de terpen. Se sitte by Dronryp no op in djipte fan likernôch twa meter. Dat komt oerien mei 300 jier yn tiid rekkene. Neffens Nicolay moat it noch seker in meter djipper foardat se yn de grûn sitte fan foar Kristus.

(advertinsje)