BraboNeger yn Fryske talkshow: "Ik wil van mijn naam af"

08 feb 2018 - 10:16

Kabaretier BraboNeger wol fan syn artystenamme ôf. Dat sei er woansdeitejûn yn de wyklikse talkshow IepenUP fan Omrop Fryslân en LF2018. Steven Brunswijk, sa't BraboNeger hjit, fynt dat syn artystenamme net in positive bydrage leveret yn it rasismedebat. De Surinaamske Brabanner fernimt dat sawol swarte as wite minsken problemen hawwe mei syn artystenamme. Hy wol graach foar ienheid soargje ûnder minsken fan ferskate rassen en tinkt dat syn namme dy ienheid yn it paad stiet.

"Brug tussen wit en zwart"

Steven Brunswijk hat syn artystenamme BraboNeger net sels betocht. In Surinaamse man yn Rotterdam betocht de namme in skoft ferlyn en sûnt dy tiid brûkt er dy namme sels ek. "Ik heb die naam zelf nooit gekozen. Maar nu besef ik dat de naam problemen geeft. Daarom gaat die naam dit jaar verdwijnen. Niet omdat ik zwicht voor de groep die een probleem heeft met die naam, maar omdat ik een brug wil zijn tussen wit en zwart."

Trefwurden: 
BraboNeger IepenUP Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)