Fertochte fan brute ferkrêfting wol net by rjochtsaak wêze

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De 32-jierrige man út Stiens dy't yn augustus 2016 in 88-jierrige frou mei in soad geweld ferkrêfte hawwe soe yn har senioareflat oan it Europaplein yn Ljouwert, is net fan doel om oanwêzich te wêzen by de behanneling fan syn strafsaak. Dat makke syn advokaat tongersdeitemoarn bekend by de pro forma-sitting. De advokaat sei dat syn kliïnt in sosjale foby hat. Hy kin net goed funksjonearje yn romten dêr't meardere minsken byinoar binne. Hy hat depressive klachten en wurdt benaud, sei syn advokaat.
De Ljouwerter rjochtbank hat noch gjin beslút naam oer de oanwêzigens fan de fertochte. De rjochtbank wol earst it rapport fan it Pieter Baan Centrum ôfwachtsje. De ynhâldlike behanneling fan de saak is op 22 maart.