Man rekket beknypt yn auto nei ûngelok yn Aldeberkeap

08 feb 2018 - 07:46

In man is tongersdeitemoarn ferwûne rekke by in auto-ûngelok yn Aldeberkeap. Op de Oosterwoldseweg botsten twa auto's troch noch ûnbekende oarsaak opelkoar. Ien fan de bestjoerders rekke hjirby beknypt yn syn auto. Helptsjinsten hawwe de man befrijd, stabilisearre en dêrnei nei it sikehûs brocht.

Yn ferbân mei it ûngelok is de Oosterwoldseweg op it stuit ôfsletten foar ferkear.

Trefwurden: 
ûngelok Aldeberkeap
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)