Kollum: "Fertocht"

08 feb 2018 - 07:36

"Yn it tsjuster, wylst my de fingers fan 'e hân frearen, mei in apart elektroanysk kastke, by ien fan de needútgongen fan it terrein fan Skiphol. Ik tocht: as ik no net oansprutsen wurd troch it befoege gesach, dan kloppet der ek wat net yn Nederlân. Feitlik siet ik der op te wachtsjen, ek in bytsje om't ik tocht: dit is sa fertocht allegearre, dat ik it ek graach útlizze wol. Neam my mar paranoia, mar dit wie wol in aksje yn 'e heechste kategory skimerich.

Ik kin it útlizze - dus. Op it stuit wurkje ik oan in radiodokumintêre. Dat betsjut dat ik stêd en lân ôfrin om ynterviews te meitsjen, dat ik in protte research doch en neitink oer hoe't ik it ferhaal fertelle wol. En om in lang ferhaal koart te meitsjen: ik ha foar de foarmjouwing it lûd fan in opstigend fleantúch nedich. Sadwaande.

Mar ik ferlies mysels nochal ris yn sa'n proses. It wie tiisdeitejûn rêstich waar, sa't we it net sa faak ha. Ta it rút út sjend tocht ik: dit koe myn momint wolris wêze. Foar lûdopnamen yn it fjild wolst nammentlik net tefolle wyn ha, oars waait de mikrofoan ticht. En wolst it lûd datst opnimst ek 'skjin' ha, dus sûnder dat der noch wat oars trochhinne sit. En dat is yn Nederlân gau it gefal. Mar jûns binne der minder minsken oan it wurk, is der minder ferkear en binne in protte masinen stilset, dus dat is it bêste momint.

Ik seach op de side fan it KNMI dat it yndied hast wynstil wie. Dus dat wie al goed. Doe seach ik op flightradar24.com hokker banen by Skiphol yn gebrûk wiene. Dat wiene der trije. Ik socht dêrnei op Google Maps op wêr't de plakken binne wêr'tst sa ticht mooglik by dy banen komme kinst.

Dêr ried ik hinne mei de auto. Dêr stie ik, op in yndustryterrein fan Skiphol Oost. Op sokke mominten woe ik dat ik belettering op myn auto hie. Soks as 'Audioregistraties' of 'Radioproducties'. Want no bin ik gewoan in nuver mantsje, allinnich yn it tsjuster, mei in raar apparaatsje yn syn hân.

It plakje lâns de Aalsmeerbaan foel tsjin. Op nei de Polderbaan, oan 'e oare kant fan Skiphol. Minder fleantugen dêr, mar wol in plakje mear op 'e romte, wat geunstiger is foar it lûd. Mar dat lit myn aktiviteiten yn 'e ferlitten polder der ek wer nóch skimeriger út sjen fansels. Oeral om my hinne warskôgingen: 'verboden terrein'. Gefaarlik. Grutte stekken. En dêr stie ik mei myn ûndúdlike elektroanyske apparaatsje yn it tsjuster.

It lûd wie net min, mar dochs wie it noch net hielendal wat ik socht. It koe better. Dochs mar efkes trochsette yn dy snijende kjeld. En doe seach ik de knipperljochtsjes al oan kommen, fan links. Tûzen senario's fleagen al troch myn holle, en doe't ik seach dat it yndied in plysje-auto wie, frege ik my ôf hoe lang't se je op 'e grûn lizze litte mei hânboeien om, want dat is ferfelend, mar it is no wol hiel kâld om op 'e grûn te lizzen. Hoe lang sitte je foar soks fêst? Sitte se te wachtsjen op 'ik kan alles uitleggen?', by immen mei 'verdachte terorristische gedragingen'?

De auto stoppe. No sille we it belibje, tocht ik. Ik gong rjochtop stean, sette in glimk op myn kâlde snút, en rûn nei de plysje-auto ta. "U zult zich wel afvragen wat ik aan het doen ben," begûn ik. "U mag hier niet staan," sei de plysje. "Ik maak audio-opnames!" sei ik werom, de opmerking negearjend. "Dit moet vrij blijven voor hulpdiensten," sei de plysjeman, en ik wist noch mar krekt mysels te stopjen in wiidweidige útlis oer de dokumintêre te begjinnen.

It wie suver in teloarstelling doe't de man sei "U mag best audio-opnames maken", en it him allinnich mar om it plak dêr't myn auto stie gong. Ik ried fuort. Seach op it offisjele plak, fierderop noch trije auto's stean. De plysje ried dêr lâns. Wat dogge dy dêr? Frege ik my hielendal mispleatst ôf. Ik stoppe efkes fierderop. De plysje kaam wer lâns, mar myn auto stie no goed. En ik seach in 747 fan KLM Cargo stopjen. It wie sjenant, myn fingers frearen der ôf, en it wie in nuver putsje, mar... ik ha it lûd dat ik ha woe."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(advertinsje)