Fryske dielnimmers oan de Spelen: Marrit Leenstra

08 feb 2018 - 07:28

Noch ien dei en dan is it safier, de Olympyske Spelen yn Pyeongchang (Súd-Koreä). Fansels komt der ek in flink tal Friezen yn aksje by it reedriden en it shorttrack. Mar wa binne dat, wat binne harren bêste prestaasjes by de Olympyske Spelen en wat binne de kânsen op in medalje?

Sportredakteuren Koos Wieling en Roelof de Vries dogge de kommende wike alle dagen in foarsizzing oer in Fryske Olympyske sporter. Diskear it oardiel oer Marrit Leenstra.

Namme: Marrit Leenstra

Wenplak: Baselga di Pinè (Italië) en Wikel (Fryslân)

Bertedei: 10-05-1989

Sport: reedriden

Ofstannen: 500 meter, 1000 meter, 1500 meter, ploege-efterfolging

Olympyske medaljes: 2014 Sotsji - 1e op de ploege-efterfolging

De kânsen fan Marrit Leenstra neffens sportferslachjouwer Koos Wieling:

It moatte de Olympyske Spelen fan Marrit Leenstra wurde. Se rydt al sa lang yn de top, mar in protte prizen hat dat net opsmiten. Fansels hat se kâns op earemetaal. Benammen mei de ploech, mar ek op de 1000 en 1500 meter. As it slagget om de earste yndividuele (gouden) medalje te winnen, dan hat de Italiaanske oanpak fertuten dien.

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang begjinne op freed 9 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)