Tresoar wol tinksportsintrum oprjochtsje

skake © Omrop Fryslân
Tresoar wol de kommende jierren mear omtinken jaan oan skaken, bridge, Go en damjen. Se hawwe dêrfoar in spesjaal tinksportsintrum oprjochte. It tinksportsintrum moat ûnder oare befoarderje, dat der mear wittenskiplik ûndersyk dien wurdt nei de tinksporten. Ek moatte sa de boeken dy't der oer skreaun binne better ûnder de oandacht komme. Tresoar wol boppedat besykje om yn 2020 in grut ynternasjonaal tinksportevenemint te hâlden.
Tresoar hat op it stuit al in frij grutte kolleksje op it mêd fan de fjouwer wichtichste tinksporten, mar is fan doel dy de kommende jierren út te wreidzjen.