KNSB: Gjin reedrydmaraton op natueriis

© ANP
Der komt foarearst gjin reedrydmaraton op natueriis. Dat hat kompetysjelieder maraton Willem Hut fan de KNSB woansdeitejûn bekend makke. Middeis wie er noch 'foarsichtich posityf' oer de kânsen op in natueriiswedstriid.
De iisferieningen fan Noordlaren, Veenoord, Haaksbergen en Arnhem wiene drok dwaande om de nedige trije sintimeter iis te krijen, mar de sinne holp de iismasters net. It iis is net sterk genôch om in maratonpeloton te dragen. "Helaas, de strijd is gestreden, het heeft niet zo mogen zijn", sei in teloarstelde Hut.