Trije jonges krije medalje foar rêding man yn rolstoel

07 feb 2018 - 22:13

In medalje, in oarkonde, blommen en in kaugompakket. Dat wie de beleanning dy't de trije rêders fan de 82-jierrige Henk Seerden út Frjentsjer woansdeitejûn krigen. Se waarden troch it Carnagieheldenfûns yn it sintsje set, om't se Seerden maaie ferline jier rêden ha. Hy wie yn it wetter bedarre krekt bûten Wytmarsum, neidat syn rolstoel kantele wie.

De 12-jierrige Jildert Wijbenga en Jesse van der Heide seagen it barren en rôpen de help yn fan de 15-jierrige Johan van der Schaaf. Hy hâlde it slachtoffer boppe wetter oant der mear help kaam. Sa koe Seerden úteinliks rêden wurde.

Jildert en Jesse krigen in offisjele oarkonde en blommen fan it fûns en foar Johan wie der ek in medalje. Fan it slachtoffer krigen se it kaugompakket.

(advertinsje)