Promoasje op tsjalk yn Rotterdam foar 11Fountains

In delegaasje fan it Kulturele Haadstêdprojekt 11Fountains is fan tongersdei oant snein yn Rotterdam, om dêr de alve keunstfonteinen te promoatsjen. Dat docht de organisaasje mei help fan de histoaryske koftsjalk De Tromp, dy't oan de Wilhelminapier leit. Bedoeling is dat keunstleafhawwers, dy't dizze wike in besite bringe oan Art Rotterdam, waarm makke wurde foar it keunstprojekt yn de Fryske stêden.
Oan board fan de tsjalk kinne minsken ûnder oare maketten fan de fonteinen sjen en komme se mear te witten oer Fryslân. Dizze eksposysje 'De Tocht' is fan 8 oant en mei 11 febrewaris fergees te sjen yn Rotterdam fan 11.00 oant 19.00 oere en freeds oant 21.00 oere.