Nij bestjoershûs Snits moat soargje foar better kontakt

07 feb 2018 - 21:33

It nije bestjoershûs fan Súdwest-Fryslân yn it sintrum fan Snits moat soargje foar better kontakt fan de gemeenteried mei amtners en publyk. Dy winsk waard woansdeitejûn útsprutsen troch gemeenteriedsleden by de offisjele iepening fan it gebou oan de Marktstrjitte. De ôfrûne jierren waarden alle rieds- en kommisjegearkomsten hâlden yn it eardere gemeentehûs yn Drylts. Neffens de riedsleden makke dat it kontakt mei de amtners lestich om't sy benammen yn Snits sitte.

No sit it bestjoershûs op minder dan hûndert meter fan it stedhûs en dat moat it kontakt makliker wurde. Ek moat it foar de ynwenners fan Súdwest-Fryslân makliker wurde om by de ried oer de flier te kommen. It bestjoershûs is de ôfrûne jierren foar miljoenen opkocht en ferboud en hat njonken in nagelnije riedseal ek lytsere gearkomplakken foar de ferskate fraksjes.

(advertinsje)