Túnhúske giet yn flammen op yn Jobbegea

07 feb 2018 - 21:20

In túnhúske by in wenning is woansdeitejûn yn flammen opgien oan de Expansieleane yn Jobbegea. Krekt nei healwei njoggenen krige de brânwacht de melding binnen. Se wiene gau te plak en koene sa foarkomme dat it fjoer oersloech nei de wenning. It skuorke en de motors dy't deryn stiene, kinne as ferlern beskôge wurde. Neffens de plysje is der net ien ferwûne rekke by de brân.

De oarsaak fan de brân is noch net bekend.

Trefwurden: 
brân túnhúske Jobbegea
(advertinsje)