EHBO-ferieningen sille gearwurkje by grutte eveneminten

08 feb 2018 - 06:45

De EHBO-ferieningen fan Jelsum/Britsum/Koarnjum, Stiens, en Wergea/Warten slute harren oan by de al besteande gearwurking fan EHBO-Snits en Licomar Ljouwert. De ferieningen sille gearwurkje op it mêd fan helpferliening by benammen grutte eveneminten. Op dizze wize ûntstiet der in pool fan njoggentich erkende en goed oplate helpferlieners.

Neffens wurdfierder Sieger van Wijk kin der troch de gearwurking in better opliedingsoanbod fersoarge wurde en nimt de kwaliteit fan de helpferliening ta.

Trefwurden: 
EHBO gearwurking
(advertinsje)
(advertinsje)