Noch gjin dieders fytsen op spoar De Westereen oanhâlden

07 feb 2018 - 20:34

De plysje docht opnij in tsjûge-oprop om mear te witten te kommen oer de fytsen, dy't twa wiken lyn dellein binne op it spoar fan De Westereen. De skea wie grut doe't de stoptrein fan Grins nei Ljouwert yn de nacht fan freed 26 op sneon 27 jannewaris net mear op tiid remje koe foar de fytsen. De plysje hat in soad reaksjes krigen, mar dat hat noch net laat ta de oanhâlding fan ien of mear dieders.

De plysje nimt de saak heech op en ropt dêrom minsken dy't ynformaasje hawwe, opnij op har te melden fia 0900-8844.

Trefwurden: 
fytsen spoar De Westereen
(advertinsje)