Ljouwerter studinten wurkje oan oplossing ferkearsproblemen

07 feb 2018 - 18:21
  • Ferslachjouwer Andries Bakker wie by de hackaton (1)
  • Ferslachjouwer Andries Bakker wie by de hackaton (2)

In app ûntwikkelje wêrby't jongeren inoar oansprekke kinne op harren gedrach yn it ferkear. Dat wie ien fan de ideeën fan studinten fan de oplieding Communicatie & Multimedia Design en Romtlike Untwikkeling fan NHL Stenden yn Ljouwert. De opliedingen wurkje mei it Regionaal Orgaan Ferkearsfeiligens (ROF) oan oplossingen foar ferkearsproblemen yn Fryslân.

Woansdei, tongersdei en freed binne der brainstoarmsesjes yn De Kanselarij yn Ljouwert. It wurdt in saneamde hackaton neamd, in gearkomste dêr't spesjalisten langere tiid oan in oplossing fan in probleem wurkje. Freed sil in sjuery, mei dêryn deputearre Sietske Poepjes, it winnende útstel kieze.

(advertinsje)