Fryske dielnimmers oan de Spelen: Heather Bergsma

07 feb 2018 - 18:05

Oer twa dagen is it safier, de Olympyske Spelen yn Pyeongchang (Súd-Koreä). Fansels komt der ek in flink tal Friezen yn aksje by it reedriden en de shorttrack. Mar wa binne dat, wat binne harren bêste prestaasjes by de Olympyske Spelen en wat binne de kânsen op in medalje?

Sportredakteuren Koos Wieling en Roelof de Vries dogge de kommende wike alle dagen in foarsizzing oer in Fryske Olympyske sporter.  Diskear it oardiel oer Heather Bergsma.

Namme: Heather Bergsma

Wenplak: Aldeboarn

Bertedei: 20-03-1989

Sport: reedriden

Ofstannen: 500 meter, 1000 meter, 1500 meter, massastart

Olympyske resultaten: 2010 Vancouver - 6e op de 500 meter, 9e op de 1000 meter, 16e op de 1500 meter; 2014 Sotsji - 8e op de 500 meter, 7e op de 1000 meter, 7e op de 1500 meter, 6e ploege-efterfolging

De kânsen fan Heather Bergsma neffens sportferslachjouwer Koos Wieling: 

De wrâldkampioene sprint fan 2013 (Salt Lake City) en de wrâldkampioene fan 2017 op de 1000 en 1500 meter, hat ien ding noch nea dien: goed ride op de Olympyske Spelen. Heather Bergsma, de frou fan Jorrit, kin in hiele protte en dat soe der dizze Spelen wolris útkomme kinne.

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang begjinne op freed 9 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)