Bou nije glydbanen Ljouwerter swimbad set yn maart útein

07 feb 2018 - 17:46

It is noch efkes wachtsjen, mar yn de maaiefakânsje dit jier moatte minsken dan einlings fan de nije glydbanen fan swimbad De Blauwe Golf ôf roetse kinne. Op 5 maart wurdt lang om let úteinset mei de bou. De âlde glydbaan soe ferline jier al ferfongen wurde, mar troch ferkearde tekeningen en krityk op de kleuren, waard de bou earst útsteld.

Ien fan de nije glydbanen wurdt 62 meter lang. Swimmers kinne harren snelheid mjitte en komme op de foto, dy't trochstjoerd wurdt nei harren mobile telefoan.

(advertinsje)