LIVE: IepenUP oer Frysk Black

07 feb 2018 - 18:22

In donkere hûdskleur en regionale identiteit; hoe wurket dat? Wurdst nuver oansjoen ast swart bist en ek Frysk praatst? Friezen mei in kleurke en Tûmba (meldpunt diskriminaasje) prate dizze wike yn IepenUP oer: Frysk Black. Elkenien is wolkom yn poppoadium Neushoorn om mei te praten en meisjen kin fansels ek online fan 20.00 oere ôf fia de livestream hjirboppe.

Foaroardielen en byldfoarming

Under oaren presintator Andrew Makkinga, hikke yn Uganda, tein yn Winsum (Grins), skood oan. Hat syn efternamme holpen yn syn karriêre? En wat bedoelt er as er seit: ''Wie voor zwarte piet is, heeft Mandela niet begrepen''? Ek de populêre BraboNeger, echte namme Steven Brunswijk, is te gast. Hy praat oer syn YouTube-filmkes wêryn't hy, mei yn ûnferfalske Brabânsk aksint, aktiviteiten ûndernimt dy't, neffens him, allinnich wite minsken dogge. IepenUP co-host Marianne Klijnstra, boeredochter en grutske Friezinne fertelt har ferhaal oer it opgroeien as Fries mei in kleurke op it plattelân. Dêrneist binne muzikant Frenk dos Santos, sjonger Orlando Uitenwerf, sjonger Carlos Hogendrop en mediaman Ramiro Gras. Muzyk komt fan Shirma Rouse; bekend fan telefyzjeprogramma The Voice. 

Alles kin yn IepenUP

Diskusje, optredens, lêzingen, fideo's en muzyk; yn de wyklikse talkshow IepenUP yn poppoadium Neushoorn kin alles. Alle woansdeis steane yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal; hoe libje wy mei syn allen, watfoar subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.

Elkenien kin oanwaaie komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is ek te folgjen fia Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op harren Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

Trefwurden: 
IepenUP Frysk Black
(advertinsje)