Noardwâldster (23) moat sel yn foar stellerij by buorlju

07 feb 2018 - 16:58

In 23-jierrige man út Noardwâlde is woansdei feroardiele ta seis wiken selstraf, wêrfan fjouwer wiken ûnder betingst mei in proefperioade fan trije jier. De plysjerjochter achtet de man skuldich oan it stellen fan de houtkachel fan syn buorlju. Ek in lúkse túnset en twa fytsen soe de man ûnearlik yn syn besit krigen hawwe. De man moat ek noch in skeafergoeding fan 300 euro betelje oan ien fan de eigeners fan de fyts.

In twadde fertochte, in 22-jierrige ynwenner fan Skerpenseel, waard troch de rjochter frijsprutsen fan belutsenheid by de stellerij.

(advertinsje)