Folle mear útkearings

Gemeenten moatte miljoenen talizze op útkearings. Dat komt omdat it Ryk dêr flink op koartet en it tal minsken yn de bystân bot tanimt. Dat docht bliken út it jierliks ûndersyk fan organisaasje fan sosjale tsjinsten.
Yn Fryslân is it tal minsken mei in útkearing folle hurder tanaam as it lanlik trochsneed. De provinsje is yn ferhâlding hurder troffen troch wurkleasheid. Foar al dy útkearings moat de gemeente sels ta de bûse. Earder lei in gemeente foar in útkearing 350 euro by, no is dat 2000 euro.