Bylden op Markt yn Dokkum sloopt foar iisfontein

07 feb 2018 - 16:12

It keunstwurk Vitae op de Markt yn Dokkum is woansdeitemoarn sloopt. Sa komt dêr no romte foar de nije iisfontein, ien fan de fonteinen fan it projekt 11Fountains foar LF2018. Vitae waard yn 2007 op it plein pleatst en wie ûnderdiel fan de weryndielingsplannen fan doe, mar dy binne nea útfierd. Neffens wethâlder Pytsje de Graaf fan de gemeente Dongeradiel wie der gjin jild mear om de weryndieling troch te setten. De iisfontein is no oanlieding om de Markt opnij yn te dielen.

Neffens de gemeente wie sloop fan it keunstwurk de iennige oplossing. It koe net ferpleatst wurde, omdat it net yn dielen ferfierd wurde koe. De Graaf hie wol wat muoite mei de sloop: "Ast it fuort hellest, wurdt it fernield. It docht hartstikke sear dat je in keunstwurk op dizze wize ôffiere." 

Rotte kies

Neffens Johan Talsma, ûndernimmer yn Dokkum oan de Markt, fine de Dokkumers it keunstwurk Vitae ferskriklik. "Dat is sowieso in stikje rotte kies fan Dokkum", seit Talsma. Tsjin de nije fontein hat er gjin beswier: "Dat is in kadootsje fan de provinsje." Oer it feit dat de iisfontein 2,9 miljoen kostje moat, hat Talsma wol wat te sizzen. "Gemeente Dongeradiel is in grutte regio en net allinnich Dokkum, de rest moat ek wat ha".

De keunstners Gerard Groenewoud en Tilly Buij makken it keunstwurk yn de jierren tachtich en fine it skande dat de bylden plak meitsje moatte foar wat oars. Vitae soe ûnderdiel wurde fan de weryndieling fan de Markt mei in rige beammen en in gebou. "Dy weryndieling is der nea west, dus it keunstwurk is nea ta syn rjocht kaam", fertelt it keunstnersduo. "We hawwe der frede mei dat it no ferfongen wurdt. En de iisfontein is in moai plan, neat mis mei". 

IIsburden

De nije iisfontein is ynspirearre op it azemjen en de iisburden fan guon Alvestêdetochtriders, wannear't se troch Dokkum komme. De offisjele iepening fan it projekt 11Fountains is op 18 mei 2018.

Trefwurden: 
iisfontein bylden Markt Dokkum
(advertinsje)