Man krijt wurkstraf foar bedriging mei gaspistoal

07 feb 2018 - 15:40

In man út Bûtenpost is woansdei troch de plysjerjochter yn Ljouwert ta in wurkstraf fan 40 oeren ûnder betingst feroardiele, foar it bedriigjen fan syn styfdochter mei in gaspistoal. De rjochter hâlde by it bepalen fan de hichte fan de straf rekken mei de omstannichheden fan de saak. Syn styfdochter wie drugsferslave, se wie krekt troch in klinyk op strjitte set. Doe't de man seach dat de styfdochter by har mem dochs wer drugs brûkte, gong er troch it lint en letter folge de bedriging.

De man toande by de rjochter spyt oer wat der bard wie. Normaal is hy ien dy't de diskusje oangiet, mar no wie dat neffens him net mooglik, sa ferklearre hy. De man hat ferslave west oan drugs, mar is dêr fanôf kommen.

(advertinsje)