Ekstra bêden by opfang Zienn fanwege nachtfroast

Dakleazeopfang Zienn Ljouwert © Omrop Fryslân, Rob Dijkstra
De nachtopfang fan Zienn yn Ljouwert hat ek de kommende nachten ekstra bêden beskikber. De regeling gie fan 't wykein al yn, mar wurdt ferlinge fanwege de oanhâldende froast. De ôfrûne nachten sliepten gemiddeld sa'n 40 minsken yn de nachtopfang, yn de drokste nacht wiene dat der 46. Op syn meast is der plak foar 52 minsken.
De ekstra bêden binne yn alle gefallen oant en mei sneontenacht beskikber. Ek by it Sosjaal Pensjon yn Snits binne ekstra oernachtingsplakken beskikber.