FIDEO: Koartebaanwedstriid op Nijlemmer?

07 feb 2018 - 15:17

De twadde nacht mei flinke froast soarget by ferskate ferieningen yn it lân foar aksje foar wa't de earste maraton organisearje kin. Yn Nijlemmer binne se mei de gedachten by in oare wedstriid. De grutte fraach is: kinne se dêr meikoarten in koartebaanwedstriid útskriuwe op harren iisbaan? It antwurd is nee, der is fiif sintimeter nedich. Der leit sa'n twa sintimeter. 

(advertinsje)