Mear learlingen sakke

14 jun 2012 - 15:50

It kristlik middelber ûnderwiis yn Fryslân wol de talittingseasken foar de ferskate opliedings oanskerpje fanwege de strangere lanlike eksameneasken. Dit jier binne folle mear learlingen sakke as oars. Unfoldwaandes kinne net mear kompensearre wurde mei hegere sifers op oare fakken.

De eksamenútslaggen binne woansdei en tongersdei bekendmakke. Yn Fryslân binne yn trochsneed 8 persint mear learlingen sakke, benamen op it VMBO-t en VWO. Op guon skoallen is it sels 14 prosint mear as ferline jier.

Trefwurden: 
VMBO VWO eksamen
(advertinsje)