KNSB: Foarsichtich posityf oer maraton op natueriis

07 feb 2018 - 14:49

It reedriidbûn KNSB is foarsichtich posityf oer de kâns op in maraton op natueriis. Yn de regel binne der fjouwer iisferieningen dy't stride om de primeur fan de earste maraton. Dat binne de ferieningen yn Noordlaren, Veenoord, Haaksbergen en Arnhem. Om de maraton trochgean te litten, is trije sintimeter iis nedich. Neffens de KNSB binne de iisbanen yn alle fjouwer plakken aardich op wei, mar de trije sintimeter is noch net berikt.

Arnhem sit dêr mei 2,5 sintimeter it tichtste by, mar dêr hawwe ûnbekenden skea oanrjochte oan it iis. Veenoord en Haaksbergen sitte op goed 2 sintimeter, Noordlaren dêr justjes ûnder. De temperatuer lei woansdeitemiddei lykwols wer boppe nul en de fraach is hoe't it iis him dan hâldt. De ferwachting foar kommende nacht is wol geunstich. De KNSB besjocht de sitewaasje woansdeitejûn op 'e nij.

Trefwurden: 
KNSB maraton natueriis
(advertinsje)