Portret Saskia: net fan Rembrandt, mar fan Govert Flinck

07 feb 2018 - 14:10

Nei 50 jier is der dúdlikheid oer wa't it portret fan Saskia Uylenburgh yn it Fries Museum yn Ljouwert skildere hat. Undersyk troch meardere eksperts wiist út dat it doek makke is troch in learling fan Rembrandt van Rijn, Govert Flinck. Saskia Uylenburgh is berne yn Fryslân en troude mei Rembrandt. Lange tiid waard oannaam dat it portret fan syn hân wie, mar yn 1968 waard fêststeld dat dat net sa is. Govert Flinck folge it earste diel fan syn skildersoplieding yn Ljouwert by Lambert Jacobsz. As ynwenner fan Ljouwert wie hy kunde fan Saskia. Beide ferhuzen yn 1634 nei Amsterdam. Flinck om dêr by Rembrandt yn de lear te gean, Saskia as frou fan de wrâldferneamde skilder.

Saskia

Saskia Uylenburg wie de grutte leafde fan Rembrandt. Se learden elkoar kennen yn Amsterdam, mar trouden yn Sint- Anne, út it deftige hûs fan har suster Hiskia en sweager Gerrit van Loo wei, siktaris fan It Bilt. Har leafde duorre lykwols mar tsien jier. Se krigen fjouwer bern, mar allinnich de jongste, Titus bleaun yn libben. Saskia soe him net opgroeien sjen: op har 29ste kaam se al te ferstjerren yn Amsterdam.

Utstalling

It skilderij fan Flinck is fan 13 febrewaris wer te sjen yn Fries Museum as ûnderdiel fan de útstalling In ferhaal fan Fryslân en letter dit jier yn 'Rembrandt en Saskia: Trouwen in de Gouden Eeuw'. Dizze útstalling begjint op 24 novimber en is de start fan it Rembrandtjier 2019.


 

Trefwurden: 
Saskia Rembrandt Fries Museum
(advertinsje)