"Chippen fan katten is in goede saak"

07 feb 2018 - 13:30

It is in goeie saak dat katten ferplichte chipt wurde moatte, om sa it tal wylde katten tsjin te gean en om derfoar te soargjen dat de ôfkomst fan katten ienfâldiger werom te finen is. Dat seit Rixt Jellesma fan stichting Kat in Nood yn Drachtsterkompenije, nei oanlieding fan berjochten fanút de Twadde Keamer. In mearderheid dêr is foar sa'n ferplichting, dy ferplichting jildt no al foar hûnen. Kontrolearje oft katten yninte binne wurdt noch wol in probleem, tinkt Jellesma.

Trefwurden: 
kat chip
(advertinsje)