PvdA: Deputearre Poepjes moat bemiddelje by Omrop Fryslân

07 feb 2018 - 12:52

De PvdA wol dat deputearre Sietske Poepjes bemiddelet by de ynterne konflikten by Omrop Fryslân. De partij makket him soargen oer de wurksfear en it gebrek oan fertrouwen yn de lieding by de Omrop. Yn skriftlike fragen wurdt Poepjes dêrom frege oft se har ynspanne wol om mei meiwurkers, ûndernimmingsried en de direksje ta in oplossing te kommen.

Wurksfear

"Het rommelt al geruime tijd op de werkvloer bij Omrop Fryslân", skriuwe steatenleden Remco van Maurik en Douwe Hoogland. "Wij vinden het naar en vervelend dat het zo gaat. Vooral omdat wij weten dat de medewerkers van Omrop Fryslân zich met hart en ziel inzetten voor de Friese journalistiek. Een gebrek aan vertrouwen in de leiding en een onprettige werksfeer dragen niet bij aan het maken van kwaliteitsprogramma's en -berichtgeving."

Subsydzje

Foarige wike besleat de rjochter dat in meiwurker fan de Omrop ûnterjochte ûntslein is fanwegen krityk op de lieding. De PvdA wol no fan Poepjes witte oft de ûntslachfergoeding fan 95.000 euro bruto ten koste giet fan it subsydzjejild dat de provinsje oan de Omrop jout. "Wij verwachten dat Poepjes ons kan verzekeren dat dit bedrag niet betaald wordt van het belastinggeld dat wij als provincie geven voor Friestalige programma's en journalistiek." De provinsje Fryslân jout jierliks goed 665.000 euro oan de Omrop.

Reaksje Jan Koster, direkteur Omrop Fryslân:

"It is spitich dat de twa steateleden fan de PvdA harren fragen foaral basearre hawwe op stikken fanút de media. Spitigernôch hawwe se net kontakt socht mei de Omrop om ek noch even by de boarne te ynformearjen. Ik nûgje lykwols beide steateleden fan herte út om dat noch te dwaan.

Wat it beteljen fan ûntslachfergoedingen oanbelanget, dy wurde net betelle út de provinsjale subsydzje. De besteging fan de provinsjale subsydzje is yn detail fêstlein yn in oerienkomst tusken de Provinsje en Omrop Fryslân."

(advertinsje)