Marga Waanders: "Dit wie in heftige reaksje"

07 feb 2018 - 12:26

"Dit wie in heftige reaksje", seit Marga Waanders, boargemaster fan Dongeradiel op it nijs dat woansdei nei bûten kaam. Dokkum soe mei de yntocht fan Sinteklaas oan in oanslach ûntkaam wêze. De oanfierder fan de ekstreemlinkse aksjegroep De Grauwe Eeuw wurdt fertocht fan it oproppen ta in moardoanslach. Hy hie it foarsjoen op de akteur dy't Sinteklaas spile. Tsjin de fertochte rint in strafrjochtlik ûndersyk, nei oanlieding fan in berjocht dat ôfrûne oktober op Facebook stie. Hy rôp dêryn op Sinteklaas te deadzjen ûnder de yntocht yn Dokkum.

"We ha it berjocht krigen doe't we mei de tarieding fan de yntocht dwaande wienen en ha it bepraat yn de trijehoeke. It wie dúdlik dat we hjir op aktearje moasten. De man hat net yn Dokkum west." Mear kin se der net oer sizze om't it Iepenbier Ministearje mei de saak dwaande is. Wol jout se oan dat dit losstiet fan de blokkade op de A7 fan demonstranten.

(advertinsje)