Nije roeden foar doarpsmûne fan Boerum

07 feb 2018 - 12:02

De doarpsmûne fan Boerum is wer feilich no't dy woansdei nije roeden (de wjukken) krigen hat. De foarige, dy't der noch mar in pear jier opsieten, wiene net goed. Dat wiene roeden yn twa dielen, dy't mei bouten oan elkoar sieten. As dêr wynkrêft opkaam, koenen se út elkoar skuorre en dat is libbensgefaarlik. Dit probleem spilet by 47 mûnen yn Nederlân, wêrfan sân yn Fryslân.

Om feilichheidsredenen is de mûne fan Boerum ferline jier stilset. Dat wie in sneue saak, omdat de mûne pas sûnt 2014 wer draaide. By in fûle brân yn 2012 wie de doarpsmûne fan Boerum folslein ôfbaarnd.

De mûne fan Boerum is de earste Fryske mûne dy't nije roeden krijt. Dat wie noch in flinke put, om de 19 meter lange roeden fan fjouwer ton troch de smelle strjitsjes te maneuveljen. Yn maart sil de nôtmûne wer draaie. De kosten dy't makke binne om de roeden te ferfangen wurde betelle troch de Rykstsjinst foar Kultureel Erfgoed.

Trefwurden: 
Boerum mûne roeden
(advertinsje)