Thúskomme: Frysk restaurant yn Amsterdam

07 feb 2018 - 17:48

Unwennige Friezen yn Amsterdam kinne telâne by 'Thúskomme', in restaurant mei 'Fryslân' as tema. Kok Jurjen Nagel, dy't oarspronklik fan Makkum komt, hat dit mei de bruorren Maarten en Joost Heiligers opset.

Jurjen Nagel (34) wennet sûnt 2011 yn Amsterdam. Yn Fryslân koe er syn kulinêre ambysjes net kwyt. "Ik seach yn Fryslân in soad om my hinne. Learde alle Fryske produkten en leveransiers kennen. Dat fyn ik moai. Produkten brûke fan minsken dy't se mei in soad passy makke ha." Sa kaam er ek yn de kassen te wurkjen om't er ticht by de yngrediïnten wêze woe. Neffens him rint Fryslân op kulinêr mêd achter en dêrom gie er nei Amsterdam dêr't er by restaurants wurke.

Nostalgy

"Wat my opfoel, wie dat de nostalgy ferdwynt út Amsterdam. De âlde plakjes meitsje romte foar hippe restaurants. Dat betsjut dat Amsterdammers sykje nei nije plakjes dy't net perfoarst 'hip' binne, mar dêr'tst noflik sitte kinst. En we wolle wille ha yn ús wurk. Yn de measte restaurants yn Amsterdam giet it om jild, safolle mooglik jild fertsjinje. Dan krijst dat de wurknimmers yn it restaurant mei in arrogante en lilk gesicht dêr omrinne. Dat wolle wy net. Dan mar wat minder jild fertsjinje, wy binne der alle dagen mei plezier."

Hy wurket gear mei de bruorren Maarten en Joost Heiligers. Joost is barman en Maarten docht de administraasje. Se betochten mei elkoar it konsept. "Jurjen pochte zo vaak over het gevoel wat er in Friese restaurants was. Het gevoel van thuiskomen. En dat dat hier niet was in Amsterdam. Vanuit die gedachte zijn we begonnen met Thúskomme," fertelt Maarten.

Doch mar gewoan en normaal

Minsken moatte harren thúsfiele as se it restaurant binnen komme. "It moat útstrielje: doch mar gewoan en normaal. Hjir hast in board iten, mar wol iten mei in ferhaal. Fryslân stiet bekend as in moaie en ynspirearjende provinsje dêr'tst rêst fynst en ûntspanne kinst." Dat wolle se ek mei dit restaurant. Kofje, krante lêze, buorrelje, in kafee: alles kin. En dan ek mei produkten út Fryslân fan lytsere leveransiers. Dêrneist wolle se ûndernimmers, buertbewenners, keunstners in poadium jaan om harren kreaasjes oan publyk sjen te litten. Jurjen hat allegear nije autentike gerjochten betocht, lykas in soarte fan tosty fan Grutte Pier mei tsiis, spek en prei. Ien kear yn de moanne komt er werom nei Fryslân om de yngrediïnten as drûge woarst en tsiis te heljen. De fiertaal is net Frysk, yn de oanklaaiïng binne subtyl wat redens en in telegraaf werom te finen.

Dream

It restaurant is no in moanne iepen. Se ha neat te kleien oer oandacht en gasten. En se krije in soad kompliminten. Syn grutste dream is lykwols net in restaurant yn Amsterdam, mar yn Fryslân. Miskien wol as de nije Reitse Spanninga. "Dêr ha ik in soad respekt foar omdat er minsken sjen lit wat der yn de provinsje oan iten is en it op in kulinêre wize bringt."

(advertinsje)