Nij ûndersyk nei problemen seedyk by Wierum

07 feb 2018 - 11:15

Der komt in nij ûndersyk nei de problemen mei de Waadseedyk by Wierum. De dyk is dêr april 2016 fersterke mei it fernijende produkt Elastocoast. Dat is in soart superlym mei stientsjes der yn. De laach soe de dyk wer foar fyftich jier feilich meitsje moatte, mar al in pear moannen nei it oanbringen, die bliken dat de laach op in oantal plakken losliet.

Stiennen

By Wierum komt dat nei alle gedachten troch stiennen dy't foar de kust lizze. Dy wurde by heech wetter tsjin de dyk smiten en ferniele de lymlaach. It Wetterskip, boubedriuw Heijmans en it ryk besjogge no wat dien wurde moat om fierdere skea foar te kommen.

Elastocoast waard ek brûkt by Holwert en Swarte Haan. Ek dêr rekken stientsjes los, mar nei fierder ûndersyk is neffens it wetterskip dúdlik wurden dat soks allinnich yn it begjin bard is. Yntusken is de laach dêr stabyl.

Trefwurden: 
Wierum Waadseedyk elastocoast
(advertinsje)