Fryske dielnimmers oan de Spelen: Jorrit Bergsma

07 feb 2018 - 10:55

Oer twa dagen is it safier, de Olympyske Spelen yn Pyeongchang (Súd-Koreä). Fansels komt der ek in flink tal Friezen yn aksje by it reedriden en de shorttrack. Mar wa binne dat, wat binne harren bêste prestaasjes by de Olympyske Spelen en wat binne de kânsen op in medalje?

Sportredakteuren Koos Wieling en Roelof de Vries dogge de kommende wike alle dagen in foarsizzing oer in Fryske Olympyske sporter. Hjoed it oardiel oer Jorrit Bergsma.

Namme: Jorrit Bergsma

Wenplak: Aldeboarn

Bertedei: 01-02-1986

Sport: reedriden

Ofstannen: 10 kilometer

Olympyske medaljes: 2014 Sotsji - 1e op de 10 kilometer, 3e op de 5000 meter

De kânsen fan Jorrit Bergsma neffens sportferslachjouwer Koos Wieling:  

Jorrit komt mar ien kear yn aksje yn Gangneung en dat is foar de Boarnster in teloarstelling. Yn Sotsji ried er de langste ôfstân geweldich en waard er foar it earst Olympysk kampioen. Is de foarm der, dan makket Jorrit opnij kâns op in medalje op de 10 kilometer. De konkurrinsje komt benammen fan Sven Kramer en wrâldrekôrhâlder Ted-Jan Bloemen. Jorrit kin him yn Súd-Koreä folslein fokusje op dy 10 kilometer, want hy pleatste him ferrassend net foar de 5000 meter op it OKT nei in foarmkrisis oan de start fan dit seizoen. Dêrnei waard er ek net selektearre op de ploege-efterfolging en de massastart.

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang begjinne op freed 9 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)