Kongres oer ljochtfersmoarging; wurkbesite op It Amelân

07 feb 2018 - 10:06

Tal fan Europeeske lannen binne yn Fryslân foar in kongres tsjin ljochtfersmoarging en it beskermjen fan it nachtlik tsjuster. Se bringe woansdei in wurkbesite oan It Amelân. Dy gemeente rint foarop mei ynnovative ferljochting yn it bûtengebiet mei positive effekten foar de natuer. "Se ha dêr grien ljocht," fertelt Femke van Akker. "Dêr is de reade tint útfiltere en dan reitsje de fûgels net fan streek as se op trektocht binne." 

In jier lyn is it projekt Night Light begûn nei in idee fan arsjitekt Nynke Rixt Jukema. "Minsken binne net mear wend om yn it tsjuster nei bûten te gean. Se binne benaud foar it tsjuster. Eins soest bern nei bûten nimme moatte yn in heldere moaie nacht, dan kinst ek wat útlizze oer de stjerren. Sjochst mear as it tsjuster is, as dat de ljochten oan binne."

Yn it projekt wurkje njoggen Europeeske partners gear. Nederlân rint foarop mei it 'belibjen fan de nacht', wylst oare lannen fierder binne mei de wetjouwing. Op it kongres kinne de dielnimmers fan elkoar leare en ynformaasje útwikselje.

(advertinsje)