It kin krekt! Ride op de Ryptsjerksterpolder

07 feb 2018 - 09:44

Nei de twadde nacht mei flinke froast koe it woansdeitemoarn heve: ride op natueriis. Op it stik ûnderstrûpte greide fan de Ryptsjerksterpolder leit in laachje iis, krekt genôch om op te riden.

Leo Schuil en syn maten setten de earste streken. Op guon plakken is it noch wol hiel tin en leit it gefaar fan in 'kletspoat' op de loer. De mannen stienen der tiisdei ek al mei de redens, mar doe sakken se der fuort troch.

Al gau folgen woansdeitemoarn mear riders en wienen der al goed tweintich minsken oan it genietsjen fan it riden mei sinneskynwaar. Om't it noch altyd flink kâld is, soe it iis neffens de riders hieltyd better wurde.

(advertinsje)