LDODK yn berop tsjin útspraak oer Wijnvoordeel.nl

© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Kuorbalklup LDODK fan De Gordyk tekenet berop oan tsjin de útspraak fan de Reclame Code Commissie (RCC), oer dat se gjin reklame fan sponsor Wijnvoordeel.nl op it shirt ha meie. De kommisje die dizze útspraak nei in klacht fan it Nederlânske ynstitút foar alkoholbelied. Dy seit dat it ferbean is om alkohol op in sportshirt te promoatsjen.
Mei it heger berop wol LDODK de diskusje oer de reklamekoade oangean. Dy koade is neffens direkteur Jacco Oosterhof fan Wijnvoordeel.nl net langer maatskiplik relevant. It stekt LDODK ek dat der mei twa maten mjitten wurdt. Sa binne de Amstel Gold Race, Jupiler League en Holland Heineken House wol tastien.