UPDATE: Deade man fûn yn wenning Heech

Foto: CAMJO Media

Yn in wenning oan de Molefinne yn Heech is tiisdeitejûn let in deade man oantroffen. It giet om de 56-jierrige bewenner fan it hûs. Buertbewenners alarmearren de plysje, nei't se de man lizzen seagen yn de wenkeamer.

De plysje docht op it stuit ûndersyk nei de deadsoarsaak fan de man. Dêrby krije se stipe fan it Nederlands Forensisch Instituut.

07 feb 2018 - 8:44
(advertinsje)