Flinke fertragingen op diken by Drachten troch ûngelok

Lange files op de diken by Drachten © Srfotografie
Ferkear op de Wâldwei, de A7 en de N381 by Drachten moat rekken mei flinke fertragingen. It stiet op dizze diken goed fêst troch in ûngelok op de Wâldwei rjochting Ljouwert, tusken knooppunt Drachten en De Rottefalle. It ûngelok ûntstie woansdeitemoarn op de Wâldwei, doe't meardere auto's boppe-op elkoar botsten doe't se skrokken fan in wein mei maleur op de flechtstripe. Hjirby rekke net ien ferwûne.
Op de Wâldwei rjochting Ljouwert is ien rydbaan ôfsletten foar ferkear.